Omnium fan 17 april

Pesterij, yntimidaasje, machtsmisbrûk. Yn in soad bedriuwen komt it foar, sa docht bliken út ûndersyk. Tiisdei kaam Omrop Fryslân mei in ferhaal oer de 'eangstkultuer' by de Gemeente Smellingerlân. Wat kin of moat in wurkjouwer dwaan oan dit soarte problemen? Praat mei yn de Reade Tried.

Yn de Rige wer in hearlike maitiidsgriente.

En we hearre wat de Fryske topstikken binne fan Goffe Jensma, professor Frysk oan de Rijksuniversiteit yn Grins.

Dat, en mear yn Omnium, mei René Koster. Harkje dus, tusken 11 en 12.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)