Omnium fan 16 septimber

It is in histoaryske wike foar it programma Omnium, want dit is de lêste wike dat Omnium op 'e radio komt. Troch alle feroarings op de stjoerder is der gjin romte mear foar it achtergrûnprogramma. Omnium begûn yn 1999 en beljochte mei reportaazjes en ynterviews alle kanten fan de Fryske mienskip.

Hjoed krijt presintator Roelof Lousma in ambisjeuze skoaldirekteur yn 'e studio. Arjen Mintjes is direkteur fan de Maritieme Academie yn Harns, better bekend as de seefeartskoalle. As soan fan in dûmny moast er faak ferhúzje. Nei omswalkjen yn Amsterdam en Dútslân bedarre hy yn Ljouwert. De winsk om te farren koe lang tsjinhâlden wurde troch syn mem. Yn 1987 wie der lykwols gjin hâlden mear oan en kocht hy in sylskip. Fan it ien kaam it oar en no is hy ferantwurdlik foar hûnderten learlingen dy't allegear wolle wat hy net mocht: farre!

Omnium begjint om 11:00.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)