Omnium fan 15 oktober 2012

De otter is regelmjittich yn it nijs. Soms is it goed nijs, dan binne der mear spoaren fûn as ferwachte of nije otters útsetten. Mar ek like faak is it min nijs, as in otter deariden is.
Hoe stiet it der no foar mei de otterpopulaasje yn Fryslân? We freegje it Addy de Jongh.

Heit en mem wurdt âlder, mar nimmen wol de buorkerij oernimme. It komt hyltyd faker foar. Mar fan ien op de trije boerebedriuwen is in opfolger bekend. Auke Age de Jong jout kursussen en advizen oer wat der komt te sjen by bedriuwsoername en hoe't je it oanpakke kinne.

Yn de rige dûke we dizze wike yn de bearewrâld....

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)