Omnium fan 15 maaie

'Het gezin is de hoeksteen van de maatschappij', mei dy útspraak makke it CDA ea namme. Mar hoe wichtich is de tradisjonele húshâlding eins noch? Wy prate der hjoed oer yn de Reade Tried, op de ynternasjonale dei fan it gesin.

Asteriks en Obeliks binne ynkoarten te bewûnderjen yn Easterwierrum. Want sy spylje de haadrol yn it yntusken ferneamde berne-iepenloftspul fan Littenseradiel. Regisseuze Jelmar Hoekstra fertelt by ús yn de studio oer de foarstelling.

Wêr leare plysjes om sekuer mei harren wapen om te gean? Op de sjitbaan fansels. Yn de Rige meie wy dizze wike achter de skermen sjen op plakken dêr't je as gewoane boarger net samar komme meie.

En Huub Mous fertelt oer syn Fryske Topstikken.

Harkje dus, nei Omnium! Mei René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)