Omnium fan 15 febrewaris

Lambik, Jerommeke, tante Sidonia, wa ken se net? It is hjoed 100 jier ferlyn dat Willy Vandersteen, de betinker fan Suske en Wiske berne waard. Mei Dirk van der Meer fan it Stripmuseum yn Grins prate we oer de sjarme en populariteit fan strips.

Ferslachjouwer René Koster is oanwêzich by de ôftraap fan ús Mobyl. Bekende Friezen jouwe inoar in mobyl en nominearje sa Fryske topstikken.

En hjoed it lêste ultrakoarte ferhaal fan Nyk de Vries.

Fierders fansels de Freedsmerk.

Omnium is der fan 11 oant 12 oere. Presintaasje Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)