Omnium fan 15 april

Hoe fol sit jo inbox? De Reade Tried giet hjoed oer e-mails. Kim Spinder jout advys oan gemeenten oer "Het Nieuwe Werken" en brûkt al twa jier gjin e-mail mear. Hoe docht se dat? Se fertelt deroer yn Omnium.

Hokje of húzje (samenwonen), wat komt dêr allegear by sjen? Notaris Anna de Vries is wer te gast. Sy antwurd op al jo fragen, mail se dus nei omnium@omropfryslan.nl.

En: in nije wike, dus wer in nije Rige. Wêr't er dizze kear oer giet? Jo hearre it yn Omnium.

Harkje dus, tusken 11 en 12. Presintaasje: Roelof Lousma.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)