Omnium fan 14 desimber 2012

Saken dwaan mei Sina, hoe pak je dat oan? We belje mei Thomas van Duinen. Hy wennet yn Hong Kong en hat al mear as 14 jier in bedriuw yn Sina.

Yn de rige de lêste tip om oan in baan te kommen.

En ja, it is wer freed, in spannende freed, wurdt hy it of net? Johannes Rypma fan Aldegea (Wymbrits), wurdt hy de nije Voice? Mei sosjaal psycholooch Hans van de Sande besykje wy de 'hype' rûn Johannes te ferklearjen.

Fierder de rubriken "De Freedsmerk" en "Nijsgjirrich".

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)