Omnium fan 12 juny

Hjoed yn Omnium:

De grutste eksamenfraude ea: yn totaal 15 eksamens binne stellen op de Rotterdamske skoalle Ibn Ghaldoun. Mar wat no? Moatte Hafû- en VWO- learlingen út Fryslân harren eksamens ek opnij meitsje? Anne Miedema, lokaasjedirekteur fan CSG Liudger tinkt dat sa'n senario grutte gefolgen hat foar syn learlingen.

Yn de Rige fertelt Henk Spijkerman oer syn 'Camino', syn pylgertocht nei Santiago de Compostela. Oer aventoer, iensumens, freonskip en gelok.

En: je binne jong, en je hâlde fan opera, wêr kinne je dan telâne? No, yn Spangea. Wat dêr krekt te rêden is fertelt Lieke fan Hoogenhuize.

Omnium is der wer om 11 oere. Mei René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)