Omnium fan 11 april

Hjoed prate we mei Xander de Vries, KNO-arts by sikehûs Tjongerschans, oer in hiele ferfelende allergy: heakoarts. No't der in lange perioade fan droechte west hat, is de kâns grut dat der aansen in soad pollen frijkomme. En dêr ha in soad minsken lêst fan. De Vries jout ûnder oare tips om de klachten te ferminderjen.

Der is no in app ûntwikkele dy't jo rydgedrach folget. Ride jo keurich, dan krije je koarting op 'e autofersekering. Mar binne jo in hurdrider en ride jo faak op drokke plakken, dan betelje je krekt mear. Wat fine jo fan dit idee? Us stelling: rûge automobilisten moatte mear preemje betelje. Lit it ús hearre! Yn Omnium prate wy mei autospesjalist Jan de Vries.

En yn de Rige âlde merken giet it hjoed oer it merk mei dizze slogan: "Geen cent te veel hoor!" Hokker merk wie dit ek alwer? Jo hearre it yn Omnium.

Ik soe it wol witte, harkje nei Omnium mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)