Omnium fan 10 maaie

De eineksamens begjinne moandei. In soad eksamenstress dus foar learlingen yn de heechste klassen fan it fuortset ûnderwiis. Hoe kinne je de stof no it bêste ûnthâlde? Yn Omnium skoot Rutger Boelsma oan fan it Huiswerkinstituut mei tips.

Oankommende snein is it wer memmedei. Dêrom is it tema fan de Reade Tried hjoed: 'Oade oan mem'. Gryp dizze kâns om mem ris goed yn it sintsje te setten, en bring by ús in oade oan jo mem, skoanmem of de mem fan jo bern!

En hjoed de lêste ôflevering yn de Rige ultrakoarte ferhalen fan Nyk de Vries.

Harkje dus, nei Omnium! Mei René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)