OMF konsertkonkoers

Hjoed op omroplive.nl streekrjocht út Surhústerfean it OMF konsertkonkoers.
Santjin orkesten fan ferskate muzykferienings út Noard-Nederlân komme op 22 novimber nei Surhústerfean om mei te dwaan oan it konsertkonkoers fan de Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF). Fan 08:30 oant en mei 20:30 oere is dat hjirre streekrjocht te folgjen op www.omroplive.nl.

De muzyk fan 17 harmony-, fanfare- en brassbands stiet dy dei sintraal. Doel fan de dei is om te sjen oft de orkesten noch foldogge oan de easken fan de divyzje dêr’t se yn útkomme. De orkesten wurde beoardield troch in lanlik sjueryteam dy’t bestiet út trije persoanen. Oan it konsertkonkoers fan 22 novimber dogge trettjin Fryske orkesten mei.

It konkoers fynt plak yn de Flambou yn Surhústerfean en is fergees tagonklik foar eltsenien. Fan 08:30 oant en mei 20:30 oere is it konsertkonkoers streekrjocht te besjen en te beharkjen op Omroplive.nl. De oare dei, snein 23 novimber, binne de moaiste koralen te beharkjen op Koperkanaal FM, dat sneins tusken 06:00 en 08:00 oere op Omrop Fryslân Radio útstjoerd wurdt. Alle opnamen fan de dei sille letter foarby komme op ús HaFaBra ynternetstjoerder Koperkanaal.nl.

Oersjoch fan de dielnimmende orkesten:

01. Fanfare 'Harmonie' út Akkrum ûnder lieding fan Jos Zegers

02. Fanfare 'Blauwhuis' út Blauhûs ûnder lieding fan Erwin Schipper

03. Brassband 'Halleluja' út Drachtster Kompenije ûnder lieding fan Ellis Nijdam

04. Kristlike Harmony 'Excelsior' út Parregea ûnder lieding fan Guus Piekstra

05. Brassband 'Looft den Heere' út Wurdum ûnder lieding fan John Blanken

06. Fanfare 'CMV Oranje' út Spannum ûnder lieding fan Christina van der Bijl

07. Brassband Kristlike Muzykferiening 'De Bazuin' út Triemen-Westergeast ûnder lieding fan Hille van Hijum

08. Fanfare muzykferiening 'De Bazuin' út Schoonebeek ûnder lieding fan Harry van Bruggen

09. Fanfare 'Op Maat' út Berltsum ûnder lieding fan Tjipke Pasma

10. Kristlike Brassband 'Soli Deo Gloria' út De Tike ûnder lieding fan Guus Tomey

11. Kristlike Brassband 'De Bazuin' út Donkerbroek ûnder lieding fan Gatse Hylkema

12. Fanfare 'Halleluja Anjum' út Anjum ûnder lieding fan Piet Visser

13. Fanfare 'Hallelujah' út Burgum ûnder lieding fan Johannes Weening

14. Kristlike muzykferiening 'Lauwers Fanfare' út Ie-Ingwierrum ûnder lieding fan Andries de Haan

15. Fanfare 'CMV Beatrix' út Doezum ûnder lieding fan Ido-Gerard Kempenaar

16. Fanfare 'CMV Excelsior' út it grinzer Gryptsjerk ûnder lieding fan Andries de Haan

17. Fanfare orkest 'CWO' út Grins ûnder lieding fan Thom Zigterman

Klik hjir foar it programma

Trailer konsertkonkoers 22-11-2014

Share this page on:

Omroplive.nl

Omroplive.nl is it temakanaal fan Omrop Fryslân op ynternet. Op www.omroplive.nl kinne je altiten live nei Omrop Fryslân tv sjen. Dêrnjonken biede wy op dit temakanaal ek geregeld oare saken oan.
(advertinsje)