OMF konsertkonkoers

Op sneon 8 maart kin op www.omroplive.nl fan 14:00 oere ôf live meiharke wurde nei it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân). Oan it konkoers yn ‘De Lawei’ yn Drachten dogge alve orkesten mei, tsien út Fryslân en ien út Hurderwyk. Omrop Fryslân makket opnamen dy’t letter werom te hearren binne op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. De koralen binne op sneintemoarns werom te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM tusken 06:00 en 08:00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omfryslan.nl.

Share this page on:

Omroplive.nl

Omroplive.nl is it temakanaal fan Omrop Fryslân op ynternet. Op www.omroplive.nl kinne je altiten live nei Omrop Fryslân tv sjen. Dêrnjonken biede wy op dit temakanaal ek geregeld oare saken oan.
(advertinsje)