Oftraap Fryske Boekewike fan 6 maart 2021 20:00

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 is op sneontejûn 6 maart te folgen op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert.

Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. Fierder komme yn de telefyzjeútstjoering ferskate Fryske skriuwers oan it wurd, en is der in muzikaal optreden fan it duo Weima & van der Werf. Oare gasten binne û.o. Alex de Jager (direkteur Afûk), Eveline Aendekerk (direkteur CPNB) en Ad Peek (direkteur Van der Velde Boekhannels).

De útstjoering foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes. De útstjoering begjint om 20:00 oere.

Oftraap Fryske Boekewike

De ôftraap fan de Fryske Boekewike live op telefyzje
(Advertinsje)