Ofskied fan in bysûndere keunstner: Zoltin Peeter

Berne yn Amsterdam, mar al mear as 40 jier ynwenner fan Fryslân. Zoltin Peeter, keunstner yn Hallum. Allinnich wenne hy dêr, op in pleats, en hy wie altyd oan it wurk. Syn keunst hinget yn it Stedelijk Museum, yn it Groninger Museum, yn Museum Belvédère. Hy hie noch lang syn nocht net, Zoltin hold fan it libben. Mar begjin dit jier waard er siik. Slokdarmkanker wie de diagnose, ûngenêslik. Zoltin woe net behannele wurde, en yn in lijenswei de ein ôfwachtsje. Hy plande in datum foar eutanasy. Op 15 maaie is hy ferstoarn, 76 jier. In pear wike foar syn dea, op Peaskesnein, hie Karen Bies in lang ynterview mei him. Oer syn libben en it omgean mei syn sykte, mar foaral oer wat foar him altyd it belangrykste wie: syn keunst.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)