Oarlochsdeiboeken fûn fan predikant Felix van der Wissel

Der binne deiboeken út de oarloch foar it ljocht kaam fan de doopsgesinde predikant Felix van der Wissel út Ljouwert. Hy preke tsjin geweld en hy brocht yn it geheim Joadske bern ûnder by Fryske pleechgesinnen. Yn ien fan syn deiboeken is sels in anonime brief fûn fan in tsjerkegonger, dy't lid wie fan de NSB, dy't fûn dat Van der Wissel ophâlde moast mei de oarloch te neamen yn syn preken, oars, sa drige de briefskriuwer: soe hy him arresteare litte.

De rol fan dûmny van der Wissel yn de oarloch kaam foar syn famylje as in ferrassing. Doe't pakesizzer Baukje van der Wissel it hearde, hat se tegearre mei har broer de deiboeken opsocht om se te lêzen.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)