Noordelijk film festival fan 9 novimber 2018 21:00

In dei fan dokumintêres by Omrop Fryslân op it Noordelijk Filmfestival. De priiswinnende film 'De laatste boer van Euvelgunne' fan Tom Tieman stjoere wy op dizze jûn út. It is it ferhaal fan boer Thies Dijkhuis dy't syn pleats, syn alve kij en syn lân ferdigenet tsjin de útwreiding fan de stêd Grins. Karen Bies praat mei regisseur Tom Tieman, dy't dit jier ek mei syn nije film 'De Muze' op it filmfestival fertsjintwurdige is.

De Omrop Fryslân-dokumintêre 'De Striid' giet oer de triatleet Jacob Veenstra. Filmmakker Murk Jaep van der Schaaf folget him yn syn fysike en mentale training foar de Frysman 2018, in triatlon dy't begjint en einiget op it Reaklif.

Karen praat ek mei Annet Huisman oer har film 'De Joodse Bruiloft'. De bern fan de Joadske Barend en Mimi Boers binne op reis troch Europa. Se folgje it spoar fan de flecht fan harren âlders yn de Twadde Wrâldoarloch. Barend en Mimi ha der nea oer praten, alle oantinkens sieten fuortstoppe yn in koffer. Annet: "It is it ferhaal dat net ferteld wurde mocht, mar dat wol jo hiele libben beynfloede hat."

Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Filmfestival by Omrop Fryslân! Mei films út it noarden. Wat wurdt der makke troch de nije generaasje filmmakkers? In programma mei films, reportaazjes en petearen oer films.
Presintaasje: 
Karen Bies
(advertinsje)