Noordelijk film festival fan 8 novimber 2018 21:00

Yn de útstjoering fan tongersdei in reportaazje fan ferslachjouwer Wendy Kennedy oer de sfear op it Noordelijk Film Festival. 

De Fryske dichter en byldtaalkeunstner Sytse Jansma is op it festival mei syn koarte animaasjefilm Woesj!. It is in bysûnder projekt mei it printeboek Wapper, skoallen en Tresoar. Bern fan it spesjaal ûnderwiis hawwe papieren fûgels makke en dy binne troch Sytse brûkt yn syn animaasje. Sytse is te gast yn ús programma en we litte de film Woesj! sjen.

Fabian Jansen is in bekend Nederlânsk akteur en teäterregisseur. Yn Fryslân hat hy de film Lady opnommen. It ferhaal giet oer it Etiopyske famke Lady dat yn Ljouwert freonskip slút mei de swalker Wander. Fabian Jansen wol sosjale films meitsje, dêr't minsken oan meiwurkje dy't libje oan 'e râne fan de maatskippij. Karen Bies hat Fabian útnûge te fertellen oer syn plannen en we fertoane de film Lady - mei Fryske ûndertitels.

In oare filmmakker is Piter Hettinga, dy't mei it Kulturele Haadstêd-projekt Look@me gearwurke hat. Bern en jongeren fertelle har eigen ferhaal oer de omjouwing dêr't se yn opgroeie.

Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Filmfestival by Omrop Fryslân! Mei films út it noarden. Wat wurdt der makke troch de nije generaasje filmmakkers? In programma mei films, reportaazjes en petearen oer films.
Presintaasje: 
Karen Bies
(advertinsje)