Noordelijk film festival fan 5 novimber 2018 21:00

Op de earste jûn sil presintator Karen Bies yn petear mei Max Ploeg, dy't ferline jier mei syn film 'Zo eerlijk als een hond' de studintekompetysje wûn op it Noordelijk Film Festival. Dizze film sil ek útstjoerd wurde by Omrop Fryslân. De film giet oer Max syn beppe Adrie en de leafde foar har hûntsje Rakker. "Dieren besodemieteren je niet. En van mensen moet je het maar afwachten." Yn de film sjochst dat Adrie wat ferskrikliks meimakke hat yn har libben en wêrom't se no al har leafde en fertrouwen by har hûntsje leit.

Biolooch mei aengst foar kikkerts

Fierders wurdt de film 'Rafaello in het wild' fan Rachel Visscher, de 'Beste Korte Film' fan it NFF yn 2017 sjen litten. In film oer in jonkje út Drachten, dy't letter biolooch wurde wol, lykas Freek Vonk. Mar it probleem is dat hy benaud is foar kikkerts. By de film litte wy in reportaazje sjen fan ferslachjouwer Wendy Kennedy, dy't by Rafaello op besite giet.

Nije generaasje

Mei Joris Hoebe fan New Noardic Wave en artistyk lieder Fredau Buwalda fan it NFF praat Karen Bies oer de nije generaasje filmmakkers yn Noard-Nederlân.

Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Filmfestival by Omrop Fryslân! Mei films út it noarden. Wat wurdt der makke troch de nije generaasje filmmakkers? In programma mei films, reportaazjes en petearen oer films.
Presintaasje: 
Karen Bies
(advertinsje)