NODOE fan 7 desimber 2013

Hoe hâlde wy mei help fan wetter droege fuotten?

Yn it Woudagemaal belibbet elkenien de sfear fan eartiids en de mooglikheden fan no. Mei help fan ymposante stoommasjines moatte de kandidaten soargje foar droege fuotten. Krije sy it oerstallige wetter út de Fryske boezem op tiid nei de Iselmar?

Fryslân hat altyd striid tsjin it wetter fiere moatten. Altyd wer drigen der oerstreamings. Mei help fan de ûntwikkelings tidens de yndustrialisaasje waard dy striid in stik makliker. Fryslân wie fersekere fan droege fuotten, mar ûntwikkele him ek op oare mêden. Sa kaam ien fan de earste echt grutte bedriuwen yn Fryslân nei Drachten. De komst fan it skearapparatefabryk Philips hat ôfgryslik belangryk west foar it easten fan de provinsje. Hûnderten minsken út de Wâlden koenen hjir oan it wurk. Dat luts wer oare minsken en bedriuwen oan, en sa ûntwikkele dizze streek him yn koarte tiid fan in achterbleaun gebiet ta ien fan de sterkste ekonomyske motors fan ús provinsje.

Yn dizze ôflevering striid famylje Pool tsjin de famylje Buma. Wa giet troch nei de heale finale? Sjoch it no sneon 7 desimber om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei te sjen alle oeren nei Hjoed.

Sjoggersfraach:
It antwurd wie: It Stoomgemaal hâld of bringt it wetterpeil yn it peilgebiet op winske nivo. It goodiepakket is wûn troch Rolanda Oosterkamp út Oosterwolde.

Diel dit berjocht op:
NODOE

NODOE

Omrop Fryslân gie yn oktober 2013 fan start mei it nije spulprogramma NODOE. Alle sneonen, 10 wiken lang, striden 12 teams tsjin elkoar yn 10 ferskate musea yn Fryslân. Wa 't de tûkste, rapste en handichste wie, dy wie de winner.
(advertinsje)