NODOE fan 30 novimber 2013 17:00

No sneon, de earste heale finale út it Lânboumuseum wei.

De Fryske skiednis begjint eins mei de komst fan de ko en oant no ta is de lânbou noch hieltyd fan grut belang foar ús provinsje. Yn it Frysk Lânboumuseum kinst alles fine oer dy libbendige skiednis fan de Fryske lânbou. Fryslân stiet tsjintwurdich fuort net bekend as in sterke, moderne ekonomyske regio, mar dat hat wol oars west. De Fryske lânbou wie ieuwenlang foarútstribjend en ûndernimmend. Al yn de 16e ieu wienen de boeren hjir tûker as yn de measte oare gebieten fan Europa. Op in soad plakken om ús hinne makken de boeren dat wat se ferbouden meast sels op. Yn Fryslân waard doe al aardich grutskalich en kommersjeel buorke. Dat wy dat witte ha wy te tankjen oan Rienck Hemmema. Hy wie in grutte boer yn Hitsum. Hemmema hold yn in kasboek by wat hy ferboude, wat syn kosten en wat syn opbringsten wienen. Fan him witte wy dat hy en oare grutte boeren net sasear foar eigen folk produsearren, mar dat se de opbringst fan it lân it leafst ferkochten op ’e nasjonale en ynternasjonale merk.

Yn dizze ôflevering nimt de famylje IJpma it op tsjin de famylje Merkus/Oosting. Wa giet troch nei de heale finale? Sjoch it no sneon 30 novimber om 17.00 oere op Omrop Fryslân en dêrnei te sjen alle oeren nei Hjoed.

Sjoggersfraach: It antwurd wie ús Mem en it goodiepakket is wûn troch Jannie Helder út Ljouwert

Share this page on:
NODOE

NODOE

Omrop Fryslân gie yn oktober 2013 fan start mei it nije spulprogramma NODOE. Alle sneonen, 10 wiken lang, striden 12 teams tsjin elkoar yn 10 ferskate musea yn Fryslân. Wa 't de tûkste, rapste en handichste wie, dy wie de winner.
(advertinsje)