NODOE fan 16 novimber 2013 17:00

Sneon 16 novimber wer in nije ôflevering fan NODOE út it Iistidemuseum út Bûtenpost wei.
It Iistidemuseum fertelt alles oer de prehistoarje. Fan it momint ôf dat de Neandertalers ûngefear 100.000 jier lyn oer de flakten fan de Fryske Wâlden lutsen oan it begjin fan ús jiertelling hawwe bewenners spoaren efter litten.
De earste bewenners wienen jagers, dy’t in swalkjend bestean lieden. Om 3400 foar Kristus hinne kamen de earste boeren en har kij hjirhinne. Sy settelen har en fierden op grutte skaal lânbou yn. Fan dizze earste bewenners is ierdewurk fûn: bekers dy’t de foarm fan in trechter ha. Dêrom wurdt dizze earste beskaving yn Fryslân ek wol trechterbekerkultuer neamd.
De earste echte bewenners fan Fryslân wienen dus melkfeehâlders. En dêrmei begjint de skiednis fan Fryslân eins mei de komst fan … de ko

Yn dizze ôflevering nimt de famylje De Jong/Bouma it op tsjin de famylje Rypma. Welk team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

Famylje De Jong/Boum.
Beppe Renskje sjocht it meidwaan oan NODOE as in útdaging en mei-inoar wolle se sa’n spulprogramma op televyzje wolris meimeitsje. It liket harren in hiele erfaring. Mem Durkje en dochter Amber Noa meie beide graach basketbalje. Fan it besykjen fan musea komt noch net folle. Soenen se fan NODOE ynspiraasje krije om soks straks wol te dwaan? Dat is ôfwachtsjen fansels…
   
De famylje Rypma.
Je soenen hast sizze dat de muzikaliteit fan dizze famylje ferbûn is oan de efternamme. Want wa kin nei it sukses fan Johannes yn The Voice of Holland no net de namme Rypma? Dochs is der gjin inkele famyljerelaasje tusken dizze Rypma’s en harren sjongende namgenoat. Heit Marco fertsjinnet as muzyklearaar en dirigint de kost yn de muzyk, mar ek syn heit en syn soan, dy’t beide de namme Gerrit ha, meie graach muzyk meitsje. Lytse Gerrit is ek graach bûten om te fuotbaljen mei syn maten of om te fiskjen. De Rypma’s ynteressearje har o sa foar skiednis en hja besykje, foarsafier’t dat mooglik is, dan ek gauris in museum.

Sjoggersfraach: it goeie antwurd is; de ko
Klaas Roorda fan Frjentsjer is de winner fan it goodiepakket

Share this page on:
NODOE

NODOE

Omrop Fryslân gie yn oktober 2013 fan start mei it nije spulprogramma NODOE. Alle sneonen, 10 wiken lang, striden 12 teams tsjin elkoar yn 10 ferskate musea yn Fryslân. Wa 't de tûkste, rapste en handichste wie, dy wie de winner.
(advertinsje)