NODOE fan 10 july 2014 18:20

[Herhelling] Dit programma is earder útstjoerd yn 2013.

Yn dizze ôflevering fan NODOE dat út it Iepenloftmuseum Damshûs út Nij Beets wei komt. Yn dizze ôflevering nimt de famylje Merkus it op tsjin de famylje Steensma. Welk team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

De familie Merkus
It wie Silke, it jongste lid fan dizze famylje dy’t mem Hermien en beppe Jantsje oerhelle om mei te dwaan oan NODOE. Silke mei graach sjonge en folget dêryn lessen by in sjonglerares. Wa wit sjogge we har nochris by The Voice Kids. Televyzje erfaring hat se dan yn elk gefal. Har mem Hermien is njonken har wurk as regiomanager yn de kreamsoarch tige drok mei wetterpolo by DRAGON yn Drachten. Se hopet fansels dat se mei har mem en dochter ek yn NODOE de holle boppe wetter hâlde kin. Want meidwaan is moai, mar winne is fansels moaier. Dat fynt beppe Jantsje ek want dy hat har goed taret op dit programma. Se hat har ekstra ferdjippe yn de Fryske skiednis. Mar ris sjen oft dat fertuten dien hat.

De famylje Steensma
Pake Douwe Steensma is mei syn 78 jier miskien wol de âldste dielnimmer on NODOE. De knibbel wol net mear wat mear wat er earder koe en dêrom is it rinnen wat beheind. Hy hopet dan ek net dat er hurd rinne moat, want dat sit der net mear yn. Mar it moat fansels ek in aardichheidsje bliuwe. Dat fiene ek skoandochter Antonia en pakesizzer Douwe Jens. Antonia hat it al drok genôch mei har dûbelfunksje yn de ferpleging en it bystean fan har man op 'e pleats yn Warfstermûne. Se docht dêrnjonken ek noch oan follybal, dat dêrmei is de wike gau beset. Douwe Jens, de jongste Steensma ferdielt syn tiid tusken stúdzje op it VWO fan it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost en it fierljeppen. We sille sjen as Douwe it mei syn famylje ek fier skoppe kin yn NODOE.

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen en wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân.

Diel dit berjocht op:
NODOE

NODOE

Omrop Fryslân gie yn oktober 2013 fan start mei it nije spulprogramma NODOE. Alle sneonen, 10 wiken lang, striden 12 teams tsjin elkoar yn 10 ferskate musea yn Fryslân. Wa 't de tûkste, rapste en handichste wie, dy wie de winner.
(advertinsje)