Noardewyn live op it Freeze festival

Noardewyn Live poadium op it Freeze festival fan 26 septimber 2015

It Freeze festival lit sûnt 1997 sjen en hearre wat der aktueel is yn de Fryske popmuzyk. Alle soarten fan muzyk komme oan bod, fan keihurde metal oant dûnsbere pop, fan rêstige folk oant rebelske hiphop. En foar de earste kear hat it Omrop Fryslân programma Noardewyn Live in eigen poadium op it Freeze festival.

Mei ynterviews fan Suzanne van Zwam en Johanna Brinkman en optredens fan De Kast, Dooxs, Mr.Skolnick, Jack Bottleneck en Sunday Kids.

Diel dit berjocht op:

Noardewyn live kompilaasje

Alle freedtemiddeis it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Live muzyk yntegraal op radio, telefyzje en ynternet. Sneontejûns is in kompilaasje fan dit programma te sjen. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
    Radio iconUtstjoering: Sneontejûns fan 18.40 oere ôf
(advertinsje)