Noardewyn live fan 17 april 2015 13:00

Yn Noardewyn Live fan 'e middei ûnder oare in optreden fan Loes Swinkels. Sy is singer-songwriter, mar komt mei har hiele band nei de studio yn Ljouwert.

David Philips spilet dit wykein yn Aldebiltsyl en stiet bekend as ien fan de bêste gitaristen fan de wrâld. Hy jout yn Noardewyn âlfest in foarpriuwke.

Volk is in muzykgroep út Fryslân, dy’t alles yn it Frysk sjongt. Ek sy litte fan 'e middei fan har hearre.

Stephen en Penille komme út Skotlân en wurde dêr hiel heech oanskreaun troch de kritisy. En dat litte se seker hearre yn Noardewyn.

Fierder ek te gast it duo Channah en Adri de Boer. Sy spylje wer in nûmer fan harren nije album, dat noch útkomme moat.

Diel dit berjocht op:

Noardewyn live

It muzikale doarpsplein fan Fryslân. Live muzyk yntegraal op radio, telefyzje en ynternet. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
Presintaasje: 
Willem de Vries
    Radio iconUtstjoering: Alle freedtemiddeis op radio, telefyzje en online fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)