Noardewyn fan 5 maaie 2014 13:00

Noardewyn Live stiet op moandei 5 maaie wer mei in poadium njonken de Prinsetún, op de kop fan de Grienewei/De Wissesdwinger. In ferskaat oan artysten komt foarby om der in fantastysk befrijingsfeest fan te meitsjen. Te hearren en te sjen binne: Anneke Douma, Johan Keus, Agnes Sambrink, Lytse Hille, Gerrie van Dijk, DIFF, The Hangouts, Broken Brass Ensemble, Madoc en as einshow de Doelleazen. De optredens op it Noardewyn-poadium binne live te folgjen op radio, televyzje en ynternet. De presintaasje fan de middei is yn hânnen fan Wim Brons, Willem de Vries draait as DJ. It programma op it poadium duorret fan 12:30 oant 16:30 oere. De rjochtstreekse útstjoering fan Noardewyn is fan 13:00 oant 16:00 oere.

Share this page on:
Noardewyn-presintator Willem de Vries

Noardewyn

Noardewyn is in flot en fleurich muzykprogramma op de middei. Eltse freed fan 13.00 oant 16.00 oere nimt Willem de Vries jo mei yn in reis lâns Fryske, Nederlânske en ynternasjonale muzyk. Eltse freed is der romte foar liveoptredens fan artysten en bands yn de grutte Noardewyn studio. It programma wurdt presintearre troch Willem de Vries. Noardewyn wurd utstjoerd op radio, televyzje en ynternet
(advertinsje)