Noardewyn fan 2012-09-24T13:00:00

Hjoed ûnder oare omtinken foar Liet International. Dit Europeeske sjongfestival foar minderheidstalen bestiet 10 jier. Freed is der in jubileumkonsert op it Saailân mei bands út Fryslân, Astûrië, Finsk Laplân, Ierlân, Udmûrtië en it Eastenrykse Burgenlân. Onno Falkena fan Liet International komt yn 'e studio en lit ek muzyk hearre fan Liet International.

10 jier Liet International yn Noardewyn fan 24 septimber

Diel dit berjocht op:
Noardewyn-presintator Willem de Vries

Noardewyn

Noardewyn is in flot en fleurich muzykprogramma op de middei. Eltse freed fan 13.00 oant 16.00 oere nimt Willem de Vries jo mei yn in reis lâns Fryske, Nederlânske en ynternasjonale muzyk. Eltse freed is der romte foar liveoptredens fan artysten en bands yn de grutte Noardewyn studio. It programma wurdt presintearre troch Willem de Vries. Noardewyn wurd utstjoerd op radio, televyzje en ynternet
(advertinsje)