No yn Fryslân fan 9 septimber 2017 08:00

    * In Fryske helpaksje foar de slachtoffers fan de orkaan Irma smyt safolle reaksjes op, dat de frijwilligers it eins net oan kinne

    * It Tynster Spektakel is dit wykein... Kin alles wol troch gean mei dizze rein? En kinne de auto's wol op it lân parkearre wurde?

    * De sprekker fan de jierlikse Anita Andriesenlêzing kaam net opdaagjen

    * In nuvere wedstriid fan Cambuur tsjin Jong FC Utrecht mei in soad wetter, fjoerwurk en opûnthâld

    * Hokker kâns makket SC Heerenveen tsjin PSV? Roelof de Vries sjocht foarút

    LWD helpt St. Maarten siket opslachromte

    • Harkje nei Chaka Jean Pierre

    De aksje 'LWD helpt St. Maarten' fan Chaka Jean Pierre hat driuwend ferlet fan opslachromte yn de stêd Ljouwert. Chaka wennet op Sint Maarten, mar is yn Ljouwert op besite by har âlders. No't se fanwege de natoerramp op it eilân foarearst net weromreizgje kin, is se yn aksje kaam foar har eilân. Chaka is yn aksje kaam op Facebook en krige al gau fan alle kanten helpmiddels oanbean lykas klean, skuon, handoeken en ruften. Se woe it guod earst opslaan by famylje yn Hallum, mar se krijt no safolle oanbean, dat in gruttere opslach yn Ljouwert handiger is. Minsken dy't opslachromte foar de aksje hawwe kinne kontakt opnimme oer de mail op lwdhelptsxm@gmail.com. 

    De aksje LWD helpt Sint Maarten makket diel út fan in lanlike aksje fan eilanners yn ferskate grutte stêden. It guod giet mei in frachtwein nei in seekontener, om sa nei Sint Maarten brocht te wurden. 

    08:19 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
    08:36 - Housemartins - Happy Hour
    08:47 - Murk Aukema - Don't Know Why
    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    Presintaasje: 
    Tiete Sijens
    (advertinsje)