No yn Fryslân fan 9 jannewaris 2020 12:00

    Op it stasjon fan Ljouwert is yn in trein in fertocht pakketsje fûn. It stasjon is ûntromme en it treinferkear leit stil. De plysje en ferslachjouwers fertelle oer de lêste stân fan saken.

    De PvdA yn Ljouwert wie der fan op de hichte dat Ljouwert net in gedegen prostitúsjebelied hat, sa't juster nei foaren kaam yn it tv-programma Nieuwsuur. It moat better regele wurde, seit Mirka Antolovic fan de PvdA

    Boere-organisaasjes ha krityk op de plannen fan provinsje en Wetterskip om it wetterpeil yn guon stikken fan it feangreidegebiet te ferheegjen. Se wolle der yn elts gefal oer meiprate kinne, seit Jaap Formsma fan de Agraryske Jongeren Fryslân.

    Cambuur makket him op foar de twadde helte fan it seizoen. De ploech is koprinner yn de Keukenkampioendivisie. Kinne de mannen fan Henk de Jong de kop skerp hâlde en fokusje op de wedstryd fan moarn tsjin Volendam? Ferslachjouwer Andor Faber tinkt fan wol.

    12:09 - Oleta Adams - Window Of Hope
    12:18 - Anna Kendrick - Cups
    12:43 - Bounty Hunters & Piter Wilkens - Ik Bin In Fries

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)