No yn Fryslân fan 9 desimber 2019 12:00

    De N381 by Easterwâlde is de earste provinsjale dyk fan Nederlân dy't recycled ZOAB-asfalt krijt. Fannemoarn is oer sân kilometer it âlde asfalt der ôf helle, dat wurdt bewurke en dan wer brûkt, op itselde plak.

    Omrop Fryslân en oare regionale omroppen komme mei in meldpunt om dúdlik te krijen hoe grut it tekoart oan learkrêften is. 

    Yn Jorwert is in wynmûne omgien. Hoe kin soks? En kin it faker gebeure? Halbe Klijnstra fan de Feriening Wynturbine-eigners Fryslân tinkt dat it tafalt.

    En ynstekster Anneke van der Wal fan de tonielferiening fan Aldehaske krijt in Omrop-krystbeam, dy hat se neffens de oare leden fan de klupt fertsjinne. 

    12:10 - Nils Lofgren - Shine Silently
    12:26 - Cheryl Cole - Fight For This Love
    12:40 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen [Live]
    12:47 - Selena Gomez - Lose You To Love Me

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)