No yn Fryslân fan 7 jannewaris 2020 12:00

    It reint klachten by soarchfersekerder De Friesland, no't de regels foar taksyferfier feroare binne. Minsken moatte no hiel lang wachtsje en dat kin problemen jaan, fertelt Jan van Marrum fan Harns, dy't it sels meimakke.

    Jongeren yn Harns kinne te maklik oan drank komme, seit boargemaster Sluiter, en dêr wol hy mei de hoareka oer prate. Mar de hoareka docht al syn bêst om it probleem oan te pakken, seit Arturo la Serpe fan de Harnzer ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland.

    Tennisser Sander Arends fan Ljouwert riedt him yn Austraalje ta op de Australian Open en fertelt wat foar ynfloed de boskbrannen dêr op ha.

    Susan van den Berg fan museum Belvédère yn Oranjewâld fertelt oer keunstner Sjoerd de Vries dy't hjoed op 78-jierrige leeftiid ferstoarn is.

    Folleybalster Marrit Jasper fan Snits is net selektearre foar it Nederlânske team dat hjoed begjint oan it Olympysk kwalifikaasjertoernoai. Se is bot teloarsteld, fertelt se yn No yn Fryslân

    12:12 - June Lodge - Someone Loves You Honey
    12:20 - Clean Bandit - Rockabye
    12:39 - Marcel Smit - Omstekeard
    12:51 - Kygo & Whitney Houston - Higher Love

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)