No yn Fryslân fan 5 desimber 2019 12:00

    Boeren stinne op nije aksjes: se prakkeseare deroer om yn de wike foar Krysttiid de befoarrieding fan supermerken te hinderjen. Sieta van Keimpema fan aksjegroep Farmers Defence Force leit út wêrom. 

    De natuer hat slim te lijen fan ûnder oare de stikstofútstjit, docht bliken út nije ûndersiken. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort besjucht mei Henk Jan van der Veen fan Steatsboskbehear de skea oan de wiete gerslannen by Eachmaryp.

    De provinsje lûkt in miljoen euro út foar it flotlûken fan fergunningsprosedueres mei it each op de stikstofproblematyk. Fan dat jild wurde saakkundigen betelle, dy't goed yn de matearje sitte.

    It keatsbûn KNKB set takom jier noch mear yn op ferbreding fan de sport.

    It giet noch altiten net goed mei it Frysk op de basisskoalle, seit de ûnderwiisynspeksje. Deputearre Poepjes seit betterskip ta.

    En yn de searje Legacy, oer wat der oerbleaun is fan de spirit fan Kulturele Haadstêd, in reportaazje oer oprjochtster Celine Wierda fan it keunstnerskollektyf Self collective.

    12:14 - Timeflies - Once In A While
    12:36 - Jaap Louwes - Buddy Holly Effect
    12:48 - Lizzo & Ariana Grande - Good As Hell (Remix)

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)