No yn Fryslân fan 4 novimber 2017 08:00

- Basisskoallen yn ús lân gean yn desimber opnij in hiele dei ticht, as de easken fan de leararen net ynwillige wurde.
- Sportklup Hearrenfean is der wer net yn slagge in kompetysje-oerwinning te pakken. Fierder as in punt tsjin Sparta kamen de Feansters net.
- De kollum op dizze sneontemoarn is fan Ferdinand de Jong.
- It Biltsk is gjin mingtaal, mar yn oarsprong in Hollânsk dialekt. Ta dy konklúzje komt ûndersiker Arjen Versloot fan de Universiteit fan Amsterdam.
- Keunstner Pedro Bakker fan Skettens krige justerjûn de Gerrit Benner-priis, in twajierlikse ûnderskieding foar byldzjende keunst.
- De gifbeker is noch net leech foar Sportklup Cambuur. Justerjûn wie der yn Nijmegen wer in nederlaach foar de ploech fan Marinus Dijkhuizen.

08:13 - Miley Cyrus - Malibu
08:24 - Mr. Big - Wild World
08:35 - Sipke De Boer - Fryslan
08:47 - First Aid Kit - My Silver Lining
Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Media-oersjoch’.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)