No yn Fryslân fan 30 desimber 2017 08:00

    * It nije kolleezje fan Súdwest-Fryslân set yn op duorsumens en de oanpak fan wurkleazens.
    * Moarn is it âld en nij. Hoe riedt de brânwacht yn Fryslân him ta op dizze drokke dei en nacht?
    * Der is wer in farske kollum fan Ferdinand de Jong.

    * Marrit Leenstra mei ek op de 1.500 meter meidwaan op de Olympyske Spelen, takom febrewaris yn Súd-Koreä.
    * Fryske sporters hawwe prachtige sporthistoarje skreaun dit jier. Mar wat wie no it meast memorabele sportmomint fan it ôfrûne jier?
    * En, jo krije tips fan in hûne-ekspert sadat jo hûn de knallûden mei âld en nij oerlibbet.

    De brânwacht makket him op foar de jierwiksel

    • Marten Stol, klusterhaad risikobehearsking fan de brânwacht

    De leafhawwers fan oaljekoeken, fjoerwurk en sjampanje binn hast klear mei it ôftellen, want noch ien dei en dan is it safier: dan is it wer âldjiersdei. Foar in protte minsken is dit in feestlike lêste dei fan it jier, mar foar de manlju en froulju fan de brânwacht is dit ek in ekstra drokke dei. Presintator Joline Dalstra praat mei Marten Stol, klusterhaad risikobehearsking fan de brânwacht​ oer de jierwiksel en hoe't se har dêrop tariede. 

    08:13 - Pink - What About Us
    08:23 - Seal - Kiss From A Rose
    08:36 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
    08:48 - Ben Howard - Keep Your Head Up
    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    Presintaasje: 
    Tiete Sijens
    (advertinsje)