No yn Fryslân fan 30 desimber 2015 12:00

    Stekken op Skier

    Der is op Skiermûntseach ferset tsjin de plannen fan Natuurmonuminten om mear stekken del te setten. Dy stekken moatte de Spaanske kij, dy't sûnt oktober omrinne, op harren plak hâlde. It ferset tsjin "mear tried" wurdt organisearre troch de âld-húsdokter fan Skier, Jörn van Boven. Hy hat in enkête hâlden ûnder eilânbewenners en toeristen en dy fine yn mearderheid dat der tefolle stekken op it eilân stean. Van Boven fynt dat Natuurmonuminten tefolle te sizzen hat op it eilân, hy is net tsjin de kij, mar wol tsjin it pleatsen fan hieltyd mear tried op it eilân. 

    Spulregels ANBO

    Yn it ôfrûne jier hat de WMO, de wet maatschappelijke ondersteuning, in hiel soad yn it nijs west en dan faak mei berjochten oer wat der allegear misgie. Foaral de wize wêrop gemeenten bepaalden op welke soarch minsken wol of net rjocht hiene, soarge foar in hiel soad ûnrêst. Senioare-organisaasje ANBO komt dêrom no mei spulregels foar gemeenten dêr't dy har neffens de ANBO oan hâlde moatte soene, sadat der in ein komt oan alle ferskillen. Oer dy spulregels in petear mei Liane den Haan, sy is direkteur-bestjoerder fan de ANBO.

    Hite Hei - Jörn van Boven is tsjin mear tried op Skiermûntseach

    • Hite Hei - Jörn van Boven is tsjin mear tried op Skiermûntseach

    Hite Hei - Liane den Haan, direkteur-bestjoerder fan de ANBO

    • Hite Hei - Liane den Haan, direkteur-bestjoerder fan de ANBO

    12:13 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
    12:24 - Jaap Louwes - Famke
    12:43 - Common Linnets - Give Me A Reason

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    Presintaasje: 
    Tiete Sijens
    (advertinsje)