No yn Fryslân fan 3 desimber 2019 12:00

    De wetterskipsbelesting foar boeren moat net yn ien kear mei mear as 15 % omheech. As it al moat, dan mei lytsere stappen, seit lânbou-organisaasje LTO. 

    Wat betsjut it foar dy of foar dyn omjouwing ast yn in psychoaze sitst? De GGZ organisearret dêr ynkoarten in ynformaasjejûn oer. Twa saakkundigen fertelle oer it doel fan de jûn.

    058Plein, Stadionplein of Ut Hert? Dat binne de trije opsjes foar de namme fan it plein dêr't it nije Cambuurstadion oan komt te lizzen. It publyk mei dêr út kieze. Mar Cambuursupporters witte it no al: de goeie namme sit der net tusken.

    'Uit onze handen uw tanden'. Dy slogan brûkt Steven de Vries Tandtechniek op 'e Jouwer en yn Balk al acht jier. Dit jier is er yn de race foar de titel 'Slechtste slogan van 2019'. De Vries kin der wol om laitsje.

    12:11 - Level 42 - Lessons In Love
    12:24 - Simon Webbe - No Worries
    12:40 - Grytz & Grize - Sei Age
    12:47 - Lewis Capaldi - Someone You Loved

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)