No yn Fryslân fan 3 april 2017 12:00

* Homo-belange-organisaasje COC freget omtinken foar geweld tsjin homo's en lesbiënnes. Ek yn Fryslân fiele se har net feilich
* Wakker Dier komt op foar biologyske boeren dy't opdraaie soene foar de tefolle stront dy't oare boerebedriuwen produsearje
* In soad grienmeiwurkers fan wurkfoarsjenning Caparis ha in oare baas krigen, hjoed begjinne se yn tsjinst fan de gemeente
* Hertpasjinten dy't behannele wurde yn sikehûs MCL yn Ljouwert krije gjin oplosbere stents mear pleatst, want dy binne te gefaarlik

12:17 - James Arthur - Say You Won't Let Go
12:37 - Brandewyn - Judith
12:47 - Sam Smith - Stay With Me
Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Media-oersjoch’.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)