No yn Fryslân fan 29 oktober 2019 12:00

    Justysje besiket hjoed twa miljoen euro werom te krijen fan in groep kriminelen. Dy ha dat fertsjinne mei grutskalige drugshannel. De rjochtbank bûget him hjoed oer dizze 'pluk-ze'-saak.

    Boargemaster van Klaveren fan Amelân wie juster hast opstapt, as de ried net prate wollen hie oer it brânfeilich meitsjen fan wensoarchsintrum De Stelp op it eilân. Hy leit út wêrom't er him der sa oer opwûn.

    De provinsje hat de fernijing fan it fak Frysk op skoalle moannen lyn stillein. De FNP makket him der bot soargen oer en wol aksje fan deputearre Poepjes.

    Yn diel twa fan de rige oer de skiednis fan de radio giet it oer distribúsjeradio en Radio Oranje, yn de oarloch. Mei lûden út it argyf fan Johan Beenen fan De Gordyk.

    12:11 - Phil Collins & Philip Bailey - Easy Lover
    12:24 - Gabrielle - Out Of Reach
    12:38 - Wiebe - Swart Op Wyt
    12:46 - Ed Sheeran Ft. Khalid - Beautiful People

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)