No yn Fryslân fan 29 novimber 2019 12:00

    Yn de nijste plannen fan de provinsje meie boeren wol lytse wynmûnen op har hiem ha. Mar allinne foar eigen stroomgebrûk. Neffens Wiebo de Vries van de ChristenUnie sitte der sokke brike betingsten oan de plannen dat it boeren einst ûnmooglik makke wurdt om se oan te skaffen. 

    Sakelju wurkje har yn it swit yn in boksring, allegear foar in boksgala, op 13 desimber yn it WTC Expo yn Ljouwert, foar in goed doel: bern mei in hertôfwiking. 

    It Walking Footballteam fan Cambuur bestiet fiif jier en dat wurdt fierd mei in toernoai mei alle oare walking footballteams út Fryslân.

    Hat premier Rutte mei syn resinte útgliders noch wol it kredyt fan de minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert?

    12:12 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
    12:37 - Jaap Louwes - Myn Herder Is Myn Reder
    12:45 - Maroon 5 - Memories

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)