No yn Fryslân fan 28 oktober 2019 12:00

    De president fan de rjochtbank Noard-Nederlân is opstapt. Oanlieding is de ûnrêst by de rjochtbank, der soe sprake wêze fan in eangstkultuer. Ferslachjouwer Wytse Vellinga leit út.

    Net allinne grutte boubedriuwen sitte mei de hannen yn it hier fanwege de PFAS-noarm, ek hoveniers kinne gjin grûn ôfgrave en ôffiere. Hovenier Pieter van der Zee moat 'nee' ferkeapje oan syn klanten.

    Alvestêdeswimmer Stefan van der Pal moat syn tocht dwaan sûnder de help fan de Maarten van der Weijdenfoundation, takom simmer. Want Maarten hat dan oare drokte, fertelt Van der Pal.

    John Beenen fan de Gordyk wie ien fan de earsten dy't radio's boude en ferkocht, hy begûn der yn de jierren tweintich fan de foarrige iuw mei. Pakesizzer Johan Beenen dûkt yn it famyljeargyf, yn de earste ôflevering fan in rige yn it ramt fan 100 jier radio, dizze wike by Omrop Fryslân.

    12:14 - Robbie Williams - Millennium
    12:39 - Grytz & Grize - Sei Age
    12:48 - Snelle Marco Borsato & John Ewbank - Lippenstift

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)