No yn Fryslân fan 28 oktober 2017 12:00

    * Yn Wâlterswâld is fan 'e moarn in deade persoan oantroffen yn in sleat. De plysje ûndersiket oft der sprake is fan in misdriuw

    * Foar Fries om utens Merijn Bouma yn Barcelona komt de ûnôfhinklikheidsferklearring fan it Katalaanske parlemint op in goed momint. De measte toeristen hawwe west en dus sil de gids net in soad ynkomsten misse troch alle ûnrêst.

    * Sil yn it nije lânboumuseum yn Goutum genôch te sjen wêze? Jan Bruining fan Ingelum hat in grutte samling âlde trekkers en sit dêroer yn.

    * Mear as twahûndert sporters mei in ferstanlike beheining op smûke Special Olympics op It Hearrenfean

    * In grutte ploech minsken kuieret fannacht by Sumar foar it goede doel

    Fytsende stedsgids Merijn Bouma oer de ûnôfhinklikheid fan Kataloanië

    • Merijn Bouma oer de stimming yn de Katalaanske haadstêd Barcelona

    Merijn Bouma fan It Hearrenfean wurket al sûnt 2008 yn Barcelona as in fytsende stedsgids. Toeristen út foaral Nederlân en België kinne mei him op stap nei Camp Nou, de Sagrada Familia of ien fan de oare attraksjes fan de Katalaanske haadstêd. Ek hjoed, op de dei nei it útroppen fan de ûnôfhinklikheid, stapt Bouma op de fyts. Dat kin ek, want it gewoane libben giet gewoan troch yn Barcelona, ûnôfhinklikheid of net. Mar Bouma is wol bliid dat de ûnôfhinklikheid no útroppen is en net earder yn it seizoen, want dan hie it him in soad klanten kostje kinnen......

    12:12 - Rihanna - Diamonds
    12:35 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
    12:44 - Marcel Smit - Omstekeard
    12:52 - Grace Jones - Slave To The Rythm

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    Presintaasje: 
    Tiete Sijens
    (advertinsje)