No yn Fryslân fan 28 oktober 2017 08:00

- Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum hat har earste nasjonale titel op it NK ôfstannen te pakken.
- Japanske oesters besmette oare skulpen op it Waad mei parasiten, sa docht bliken út nij ûndersyk. (Aanst ûndersykster Anouk Goedknegt hjiroer.)
- De kollum is op dizze sneontemoarn fan Ferdinand de Jong.
- Der komt noch gjin ein oan de dramatyske reeks fan Sportklup Cambuur. Justerjûn koenen de Ljouwerters wer gjin oerwinning pakke yn de thúswedstriid tsjin Jong PSV.
- Kulturele Haadstêd hat te lang dwaande west mei it hjir hinne heljen fan Europa, yn stee fan oarsom. (Dat seit alteast Joop Mulder, âld-direkteur fan Oerol.)
- Yn Huzum is juster in spesjale tinkstien ûntbleate, foar fiif minsken dy't ferline jier fûn waarden yn in âlde grêfkelder yn it doarp.

08:12 - Ed Sheeran - Galway Girl
08:17 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
08:26 - Grytz - Fersopen Protter
08:35 - Maitre Gims - J'me Tire
08:50 - Culture Club - Karma Chameleon
Tiete Sijens

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Media-oersjoch’.
Presintaasje: 
Tiete Sijens
(advertinsje)