No yn Fryslân fan 27 septimber 2019 12:00

    Smookromten yn de horeka binne mei yngong fan hjoed ferbean. Dat hat de Hoge Raad bepaald. Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling fan Horeca Nederland reagearret emosjoniel yn No yn Fryslân. Horeka-minsken wolle gastfrij wêze foar alle gasten, ek foar smokers. En dat wurdt no ûnmooglik makke. Ek de eigner fan it kafee yn Aldtsjerk is der min oer te sprekken. Hy kin de smookromte dy't er spesjaal makke hat, no wol ôfbrekke.

    Der komme hieltiten mear klachten oer bromtoanen, of heech-frekwint lûd. Omrop Fryslân wol yn kaart bringe hoe grut it probleem is. Yn No yn Fryslân fertelt Gerard Hooiring, lûd- en ljochtadviseur fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing hoe dreech oft it is om de boarne fan de bromtoanen te finen.

    Tusken de 4 en 36 miljard euro giet yn de Nederlânske ekonomy om, sûnder dat de belesting der fan wit. Swart jild dus. Hoe slim is dat? Minsken op de Freedsmerk yn Ljouwert meitsje der gjin probleem fan as it om de kapster of de strjitlizzer giet. Mar wol as it de 'grutte jonges' binne.

    Boer Jelle Asma fan Skarsterbrêge giet kommende tiisdei nei Den Haach foar in protestdemonstraasje. Boeren fiere aksje omdat se har nocht der fan ha dat sij de skuld krije fan -ûnder oare- de stikstofproblematyk. Yn No yn Fryslân fertelt Asma hoe't hy oer dy diskusje tinkt.

    12:13 - Alphaville - Big In Japan
    12:37 - Bounty Hunters - Maten
    12:50 - Dotan - Numb

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)