No yn Fryslân fan 27 jannewaris 2020 12:00

    In Fryske hannelsmisje nei Sina giet net troch, mei omdat it coronafirus yn dat lân rap om him hinne grypt.

    Ein dizze wike stake in soad basisskoalleleararen. Mooitaki yn Bitgummole docht it hielendal oars: dêr mei elkenien komme te sjen hoe moai oft it fak fan learaar is. Om minsken oer de streek te lûken om for dat fak te kiezen.

    It earste alvetal fan fuotbalklup VSV '31 fan Flylân docht dit jier foar it earst yn jierren wer mei oan de kompetysje, mar wachtet noch altiten op in oerwinning. En op de allerearste goal. Kin in nije trainer de negative rige ombûge? 

    Freed wurdt de Brexit in feit. Dizze wike ha we der yn No yn Fryslân alle dagen omtinken foar. Hjoed: de Skotse winkel Carrynette yn Ljouwert. Dêr't se noch gjin idee ha fan hoe fierder, nei freed.

    En yn No yn Fryslân ek folop iis, dizze iiswike. Ferslachjouwer Johanna Brinkman giet op besite by de iiswegesintrale fan Súdwest-Fryslân.

    12:11 - Jimmy Cliff - Reggea Night
    12:24 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    12:38 - De Kast - It Feest

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)