No yn Fryslân fan 26 septimber 2019 12:00

    It is dei trije fan it heger berop yn de saak fan de A7-blokkearders. Justysje komt mei de eask en mei hurde krityk op foaroanfrou Jenny Douwes, fertelt ferslachjouwer Auke Zeldenrust.

    Wethâlder Feitsma fan Ljouwert fertelt oer de begrutting foar takom jier en de besunigingen dy't der oan komme, omdat Ljouwert miljoenen tekoart komt.

    Yn it Fries Museum yn Ljouwert is in bysûndere muntskat presentearre: 96 munten út de njoggende iuw. In pear jier lyn fûn troch trije manlju dy't mei de krystdagen even de kater út de holle waaie litte woene en mei de metaaldetektor op paad giene. De munten dy't se fûnen, binne ynkoarten te sjen op de grutte tentoanstelling oer Vikingen yn it Fries Museum.

    En by in lanlike telling binne yn Fryslân de measte stikelbarchjes sjoen. Mar dat betsjut net dat der in hiel soad fan dy bistjes binne, want har oantal is de ôfrûne jierren drastysk weromrûn.

    Bargeboerinne Anita Broeders fan Bakkefean fertelt hoe't sy yn it stikstofdebat stiet en hoe't se de takomst fan har bedriuw sjucht. Har soan wol it wol oernimme, mar kin dat wol?

    12:15 - Pat Benatar - Love Is A Battlefield
    12:37 - Helder - Kald Is It Wetter
    12:47 - Ava Max - So Am I

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)