No yn Fryslân fan 25 oktober 2019 12:00

    De noarmen foar de útstjit fan stikstof en fan de giftige PFAS yn de grûn moatte tydlik bysteld wurde, om boeren en bousektor de kâns te jaan te wurkjen oan in oplossing foar de problemen. Dat seit direkteur Bjinse Dijkstra, fan boubebedriuw Dijkstra Draisma. Want no sit alles op 't slot en dêr hat net ien wat oan.

    De fakbûnen ha de ôfrûne twa jier 100.000 leden ferlern. Wat wol de nije CNV-foarsitter, Piet Fortuin fan Drachten, dêr oan dwaan? 

    By transportbedriuw Boonstra yn Haulerwyk binne se flink skrokken fan it drama mei 39 deade Sjinezen yn in frachtwein yn Ingelân. It bedriuw rydt alle dagen op Ingelân en hat sels ek wolris minsken yn yn fan syn frachtweinen ûntdutsen, flak foardat dy troch de dûane gie.

    In ludike aksje op de Ofslútdyk, fan Hollanner boeren dy't har graach by Fryslân oanslute wolle. Mei Fryske flaggen, sûkerbôle en sjampanje.

    En de minsken op de Ljouwerter Freedsmerk bûge har oer de foars en tsjins fan de simmertiid ende wintertiid.

    12:12 - Jazzpolitie - Liefdesliedjes
    12:38 - Weima & Van Der Werf - De Nacht

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)