No yn Fryslân fan 25 novimber 2019 12:00

    Boeren fiere aksje, se steane mei trekkers njonken de dyk. Om minister Schouten fernimme te litten dat it har noch altiten mienens is. Schouten praat hjoed mei it Landbouwcollectief oer dy syn stikstofplannen. No yn Fryslân is by in boere-aksje yn Easterwâlde. It is de safolste aksje, wurde minsken dêr net wurch fan? Massapsycholooch Hans van de Sande seit yn No yn Fryslân dat dat wol in slach tafalt.

    De Dokkumer Vlaggencentrale hat in grutte oarder út Dubai: it leveret de flaggemêsten foar de wrâldtentoanstelling dêr, takom jier.

    It bestjoer fan de Alvestêdeferiening hat yn febrewaris 1996 de kâns op in Alvestêdetocht rinne litten troch de rayonhaden net foar in twadde kear by elkoar te roppen. Dat stiet yn in boek dat takom wike ferskynt. Doetiids foarsitter Henk Kroes reagearret.

    De Friezentsjerke yn Rome hat syn klokken werom. Yn No yn Fryslân binne se te hearren.

    12:14 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
    12:36 - Chickens Go Mad - Wat Is It Moai
    12:43 - Selena Gomez - Lose You To Love Me
    12:48 - Hanson - Mmmbop

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)