No yn Fryslân fan 24 septimber 2019 12:00

    Fyftjin A7-blokkearders moatte har de kommende dagen ferantwurdzje foar it gerjochtshôf yn Ljouwert. Hjoed dei ien fan it heger berop. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak en bringt it lêste nijs.

    Wethâlder Ter Keurs yn Smellingerlân leit ûnder fjoer fanwege krityk dy't er utere hat op syn amtners. Syn lot wie juster en hjoed ûnderwerp fan petear op it gemeentehûs yn Drachten. Ferslachjouwer Onno Falkena is yn Drachten en praat oer de kwestje mei D66-riedslid én âld-wethâlder Ron van der Leck. Hoe sjucht Van der Leck nei it optreden fan Ter Keurs?

    Slachthuis Dokkum is lulk op fjouwer meiwurkers fan de NVWA, dy't by RTL-Nieuws anonym krityk uterje op de mobile slachtwein dy't it slachthûs ûntwikkele hat en dêr't op dit stuit mei proef draaid wurdt. Fee soe net goed behannele wurde. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld fertelt oer de beswieren fan de minsken fan it slachthûs en oer de reaksje fan de NVWA. 

    En pikeboer Meindert Talma fan Twizelerheide komt oan it wurd yn diel twa fan de rige yn oanrin nei de grutte boeredemonstraasje nije wike yn Den Haach. Boeren fiere dêr aksje tsjin harren negative imago. Sij krije bygelyks mei de skuld fan de stikstofproblematyk. Ferslachjouwer Gerrit de Boer freget boer Talma hoe't dy dêr yn stiet.

    12:13 - Police - Message In A Bottle
    12:38 - Twarres - Tink Oan My
    12:47 - George Ezra - Pretty Shining People

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)