No yn Fryslân fan 24 oktober 2019 12:00

    Der is ûnrêst by de rjochtbank Noard-Nederlân. Der soe in eangstkultuer hearskje, minsken doare har net te uterjen, omdat se benaud binne foar maatregels. De FNV makket him soargen.

    Yn it stikstofdebat komme ekonomy en natuer hieltiten mear tsjinoer elkoar te stean. Mar we moatte de dialooch oangean en ynsjen dat natuer ek in ekonomysk fertsjinmodel is. Dat seit natuerambassadeur Arjen Kok fan Natuurmonumenten

    It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers is op syk nei nije opfangmooglikheden. Want der komme mear asylsikers en alle AZS's, ek yn Fryslân, sitte fol.

    En wa wurdt Miss Fryslân, hjoed yn Oentsjerk? Dêr is de tradisjoniele keallekeuring. Ferslachjouwer Hayo Bootsma freget bern wêrom't hár keal it moaiste is. Mar it falt net ta om dat út te lizzen!

    12:12 - Suzanne Vega - Luka
    12:25 - Magic - Rude
    12:37 - Bauke Van Der Woude Kombo - Sa Moai
    12:44 - Camila Cabello - Liar
    12:50 - Ilse Delange - I'm Not So Tough

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)