No yn Fryslân fan 24 jannewaris 2020 12:00

    De famylje fan de fermiste Julia út Drachten begjint mei in crowdfundingsaksje foar jild om in detektive yn te hieren. De fermissing hâldt bern op har skoalle bot dwaande, mar ek de skoalle fan har mem, dy't dosinte is op it Drachtster Lyceum.

    Der is kommoasje oer de proseduere yn Provinsjale Steaten wêrby't Willem Smink fuortstimd is as foarsitter fan de noardlike rekkenkeamer. Ferslachjouwer Onno Falkena leit it út.

    De praktykskoalle yn Snits docht in proef mei leare écht yn de praktyk en net allinne yn de skoalbanken. 

    It Ek shorttrack is begûn, yn Hongarije. Hoe giet it mei de Friezen dêr?

    Meitsje de minsken op de Freedsmerk har soargen oer it nije longfirus dat de kop opstutsen hat yn Sina?

    12:15 - Diana Ross - I'm Coming Out
    12:39 - Groev - Tink Oan Dy

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)