No yn Fryslân fan 23 septimber 2019 12:00

    Feroarjende regels by soarchfersekerder De Friesland, as it giet om medisinen. Troch de oername fan De Friesland troch Zilveren Kruis krije aptekers minder te sizzen oer wat foar medisinen pasjinten krije. Zilveren Kruis bepaalt dat sels, wêr't oant no ta Fryske aptekers sels in soad frijheid hiene. Foar pasjinten betsjut dat dat se mooglik oare medisinen krije as at se wend binne. Aptekers meitsje har dêr grutte soargen oer, seit har wurdfierder, Jouke de Jong, fan de Friese Apothekers Vereniging.

    Wethâlder Ter Keurs fan Smellingerlân leit ûnder fjoer by amtners op it gemeentehûs, fanwege krityske opmerkingen oer in amtlik stik, ferline wike yn de gemeenteried. Amtners ha by de boargemaster oan de belle lutsen. En no sil Ter Keurs syn ekskús oanbiede. Sels wol er neat sizze, mar redakteur Auke Wietze Bosma is yn de kwestje dûkt en fertelt deroer.

    In replika fan in Vikingskip gie fannemoarn yn trije stikken op transport fan Snits nei Ljouwert. En dat gie hast hielendal goed... Hearst yn No yn Fryslân.

    Boeren binne lulk, se krije oeral de skuld fan: fan de klimaatproblemen, fan it weromrinnend tal greidefûgels, fan de tefolle stikstof yn de loft. Nije wike sille se protesteare yn Den Haach. Yn de oanrin nei dy demonstraasje alle dagen in portret fan in boer en syn bedriuw yn No yn Fryslân. Hjoed: Peter Lekkerkerker fan Gytsjerk.

    12:14 - Chris Rea - I Can Hear Your Heart Beat
    12:25 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    12:39 - Wiebe - Swart Op Wyt
    12:49 - Krezip - How Would You Feel

    Tiete Sijens

    No yn Fryslân

    Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.
    (advertinsje)